Springsteen-fans leine foar doar

01 nov 2002 - 00:00

Fryske fans fan popheld Bruce Springsteen ha fan freed op sneon oernachte foar it postkantoar yn Ljouwert. Dêr is sneon de kaartferkeap foar ien fan syn konserten út ein set.

Springsteen spilet op 6 maaie yn De Kuip yn Rotterdam. 2 moannen lyn wiene de Springsteen-fans te let foar in kaartsje. Se ha it útholden mei wat drank en in goede sliepsek.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)