Sloop âld pjutteboartersplak

01 nov 2002 - 00:00

It eardere pjutteboartersplak oan De Delte yn Droegeham wurdt sloopt. It gebou hat twa jier leech stien. De gemeente Achtkarspelen, de eigner, seit dat it gebou net geskikt mear is foar in oare bestimming.

De jongerein fan Droegeham soe mooglik in plakje krije yn it eardere pjutteboartersplak, mar dat giet no net mear troch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)