Untslaggen by skipswerf

© Omrop Fryslân
By skipswerf De Volharding yn Harns ferdwine twintich banen. Dat is op de ôfdieling reparaasje. Foar njoggen wurknimmers is oar plak fûn, alve krije echt dien. De lêste jierren is it tal reparaasjeopdrachten bot tebekrûn.
By de werf wurkje no noch 110 minsken. De bûnen wolle dat de ûntsleine wurknimmers op de ôfdieling skipsbou pleatst wurde.