FNP wol amtsbea ôfskaffe

01 nov 2002 - 00:00

De FNP Dongeradiel wol de ambtsbea ferfange troch in momint fan stilte. It is yn 'e gemeente wenst dat de boargemaster de riedskommisjes begjint en ôfslút mei bidden.

De partij tinkt dat mear minsken harren yn in stiltemomint fine kinne. No sitte guonts ûnder de bea te lêzen. It foarstel ta oergean op in stiltemomint wurdt yn 'e riedskommisje bepraat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)