Folgjende slachtemaraton oarsom
Easterbierrum wurdt nei alle gedachten it finishplak fan de folgjende Slachtemaraton. It bestjoer fan 'e maraton wol dat graach. Der is lykwols ien stroffelstien; de brêge by Kystersyl moat dan langer ticht bliuwe, en dat is lestich foar de skipfeart.
Finishplak Raerd wurdt sa't it no liket startplak. Raerd is hjir net bliid mei, mar begrypt it wol.