Frekwinsjewiksel Omrop Radio

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân Radio ferhuzet op 16 desimber fan eterfrekwinsje 88.6 nei 92.2. De stjoerder is lykwols dan noch in wike lang op beide frekwinsjes yn de loft. Fan woansdei 18 desimber ôf is der op de âlde frekwinsje in bantsje te hearren dat de radio oergien is nei 92.2
De frekwinsjewiksel bart op lêst fan it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. Fansels sil der omtinken oan jûn wurde.