Geduld wengroep rekket op

© Omrop Fryslân
De takomstige bewenners fan in wengroep foar 50-plussers ha gjin geduld mear mei de gemeente Ljouwert. Yn april al wie wenningbouferiening BWL ree om út ein te setten mei de bou fan apparteminten oan de Brandemeer yn Bilgaard.
De gemeente moat lykwols noch hieltyd grien ljocht jaan. Om him oan te trunen krige wethâlder Sluiter tongersdei in troffel en in taart fan de groep.