Bonifatius moat toeristen lûke

31 okt 2002 - 00:00

Mei it Bonifatiusprojekt wol de gemeente Dongeradiel mear toeristen lûke. It projekt, dat goed njoggen miljoen euro kostet, is woansdei presintearre.

Ien idee is om it Bonifatiuspark op te knappen en dêr eveneminten te hâlden. Yn 2004 is it 1250 jier lyn dat Bonifatius fermoarde waard. Om dat te betinken komt in opera en in boek út.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)