Eigen telefoannûmer plysje Skier
Bewenners fan Skiermûntseach kinne har eigen plysjeman wer belje. Earder koe inkeld it lanlike plysjenûmer belle wurde, mar yn de doarspkrante stiet no it streekrjochte nûmer fan it plysjeburo.
Sa'n direkte tagong is inkeld mooglik foar in lytse mienskip sa't it Waadeilân is. Der wenje 1000 minsken en der wurkje fiif plysjeminsken.