Groei bedriuweterreinen falt ta

30 okt 2002 - 00:00

De groei fan bedriuweterreinen op it plattelân is minder slim as ferwachte. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de provinsje.

De groei fan de bedriuweterreinen is benammen konsintreard yn sân gemeenten. Boppedat komt 75 persint fan de bedriuwen op dy terreinen út de eigen gemeente wei. Dy ûntjouwingen passe yn it belied fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)