Jildpine by Tolhuisbad

30 okt 2002 - 00:00

It jildtekoart fan it Tolhuisbad yn Dokkum rint op. It risseltaat oer ferline jier is hast 27.000 euro minder as ferwachte. Dat komt troch te min besikers en stiichjende kosten.

Om de jildpine te ferhelpen, ferheget de gemeente de subsydzje. Fierders giet de priis fan de kaartsjes omheech. De gemeente stelt in ûndersyk yn nei de eksploitaasje fan it swimbad.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)