Muzykskoalle Balk sletten

© Omrop Fryslân
De muzykskoalle yn Balk giet ticht en mei net wer iepen. Dat ha B en W fan Gaasterlân-Sleat tiisdei besletten. De muzykskoalle is neffens brânwacht, gemeente en arbotsjinst net brânfeilich en moat dêrom fuortendaliks ticht.
Alle lessen yn it gebou fan 'e muzykskoalle binne dêrom skrast. De gemeente Gaasterlân-Sleat sjocht út nei in alternative lokaasje.