Kaugomfabryk siket personiel

29 okt 2002 - 00:00

Snobbersguodfabryk RBV Leaf yn Snits, it eardere Tonnema, siket op koarte termyn hûndert wurknimmers. It fabryk stiet no noch yn Amsterdam, mar ferhuzet nei de Wetterpoartestêd. Dêr wurdt op 't stuit wurke oan de bou fan in nij gebou.

Mar in lyts part fan de wurknimmers wol meiferhúzje fan Amsterdam nei Snits. De ferhuzing moat takom simmer wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)