Plysje kriget gjin krystpakket
De 1700 meiwurkers fan de Fryske plysje krije dit jier gjin krystpakket. De pakketten binne te djoer. Sûnt 2000 falle de krystpakketten net mear ûnder de arbeidsbetingsten. As goedmakker is de nijjiersresepsje dit jier rynsker as oars.
Ferline jier wie it krystpakket ek al gjin sukses. It tafelwetter wie besmet en de plysjes krigen pine yn 't liif.