Dochs parkeargaraazje by Aldehou

© Omrop Fryslân
Ljouwert krijt oer 2,5 jier in parkeargaraazje foar 500 auto's by de Aldehou. De fjouwer koalysjepartijen PvdA, CDA, VVD en PAL presintearren moandei in eigen plan foar in garaazje ûnder it Aldehoustertsjerkhôf.
Op it plein komme winkels en fierder ek in iepen romte foar eveneminten. De Ljouwerter winkeliersferiening LEON is wiis mei it plan.