Soepboer op Komrij-lunsj
De Fryske dichteres Albertina Soepboer is ien fan de dichters dy't snein 1 desimber oanskoot by in literêre lunsj mei Gerrit Komrij. Dat bart yn kultureel sintrum De Oosterpoort yn Grins. Soepboer waard bekend mei de bondel 'It Nachtlân'.
It hiele wykein stiet Komrij sintraal yn 'e Oosterpoort. Der binne ferskate literêre aktiviteiten.