Snelkraak yn Akkrum
Skipselektroanikasaak Everaarts yn Akkrum is sneintenacht it doelwyt wurden fan in snelkraak. De dieven ha foar fyftjintûzen euro oan elektroanika meinommen.
De goede befeiliging mei ekstra sterk glês koe de dieven net bûten hâlde. Dy naaiden út mei LCD-skermen, satellytûntfangers en oar materiaal.