Kournikova-makker hâldt straf

28 okt 2002 - 00:00

De 22-jierrige Snitser dy't ferline jier it Kournikova-kompjûterfirus de wrâld oerstjoerde, moat syn straf wol ûndergean. Dat hat it gerjochtshôf bepaald yn heger berop.

De man hie 150 oeren wurkstraf krigen. Hy wie yn berop gien om't it neffens him net oantoand is dat der wier skea ûntstien is. De rjochter fûn dat dat der net ta die.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)