Frysk sukses op muzykfestival

© Omrop Fryslân
De 9-jierrige selliste Dana de Vries út Frjentsjer hat snein de finale helle fan it Haydn-muzykfestival. Yn de kategory oant en mei 9 jier einige se op it earste plak. Fluitiste Rianne Jongsma helle de finale ek.
Jelmer Strijkstra waard earste yn de kategory 10 oant 12 jier. Der diene 97 bern mei oan dizze foarronde. De finale is yn febrewaris.