Extra subsydzje foar Van Hall

© Omrop Fryslân
It Van Hall Instituut yn Ljouwert hat 250 tûzen euro subsydzje krigen fan de Europeeske Kommisje. De hegeskoalle is útkeazen om in spesjale oplieding op it mêd fan natoer en wylde bisten te ûntwikkeljen foar de Agraryske Universiteit fan Sichuan yn Sina.
Foar de universiteit yn Sichuan is dat belangryk. De regio dêr stiet bekend om syn soarch foar de reuzepanda.