Swiere mishanneling yn Snits

28 okt 2002 - 00:00

In 50-jierrige ynwenner fan Snits is ôfrûne wykein swier mishannele oantroffen op it Oranjepaad yn syn wenplak. De man hie snijwûnen en koe hast net sykhelje.

Bliken die dat twa manlju fan De Lemmer by de fjochtpartij belutsen wiene. Se binne oanholden. Ien hie in mes by him. De oarsaak fan de mishanneling moat socht wurde yn de relasjonele sfear.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)