Wetterskip alles ûnder kontrôle

27 okt 2002 - 00:00

It Wetterskip Fryslân hie de sitewaasje yn ferbân mei de stoarm ûnder kontrôle. De slûs by Terherne wie ticht en dat wie ek nedich. Foar en achter de slûs wie it ferskil 40 sintimeter.

Yn it easten fan de provinsje wie it peil heger as oars, wylst it peil yn it westen leger wie. Dat kaam troch de wyn. By Dokummer Nije Silen en Lauwersmar koe it wetter goed fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)