Skea yn Fryslân troch stoarm
Stadichoan wurdt dúdlik dat de stoarm ek yn Fryslân flinke skea brocht. By de Achmeatoer yn Ljouwert waarden strjitten ôfset om't der wer platen ôfwaaiden.
Fan in nijbouhûs op De Jouwer is de sydgevel der troch de wyn útflein. Boaten yn de jachthaven by Koudum rûnen skea op troch wetter dat troch de wyn fuortblaasd wie.