Soarch om feest yn natuer

27 okt 2002 - 00:00

It Fryske Gea makket har grutte soargen oer yllegale feesten yn de natuer. De plysje koe fan it wykein in houseparty yn de bosken by Beetstersweach op 'e tiid keare.

Neffens wurdfierder Wiersma fan de natuerorganisaasje soe sa'n feest ûnherstelbere skea yn it bûtengebiet feroarsaakje. Planten wurde fertrape en de bisten wurde fersteurd.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)