Eigen hûs foar handikapte bern
Yn Bilgaard yn Ljouwert begjint moandei de bou fan in bysûnder hûs foar seis handikapte bern. It inisjatyf komt fan de stichting Us Dream. De âlden fan de bern binne der al fjouwer jier mei dwaande. Soarchynstellingen binne neffens har te ôfstanlik.
Ferskate oerheden, it bedriuwslibben en de wenningboukorporaasje stypje de bou fan it hûs.