Earste winst foar SC Hearrenfean

27 okt 2002 - 00:00

SC Hearrenfean hat sneon foar it earst dit seizoen wûn. Fan Excelsior wûnen de Friezen mei 2-1 foar eigen publyk. De Fin Väyrynen makke nei rêst de beide doelpunten.

Trener Foppe de Haan neamde de oerwinning op de Kralingers wol fertsjinne. De winst jout him fertrouwen foar de thúswedstriid tsjin De Graafschap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)