Bedriuweterrein Sint Nyk iepene
Yn Sint Nyk hat boargemaster Kuiper sneon it nije bedriuweterrein Het Slot en Slotmolen iepene. De provinsje fûn it gebiet earst te grut, mar it sit no mei fyftich bedriuwen, wêrûnder 35 nije, fol.
Guon bedriuwen moasten twa jier wachtsje op in plak. Bedriuwen fan bûten it doarp meitsje gjin kâns op in kavel.