Plysje keart houseparty op

26 okt 2002 - 00:00

Yn de bosk by Beetstersweach soe in houseparty hâlden wurde. De plysje koe dat freed noch keare. Doe't de plysje oan de Poostwei kaam stie in frachtwein klear mei in muzykynstallaasje. It terrein wei ferljochte mei túnfakkels.

Der wienen ek fetten om fjoer yn te meitsjen. Op lêst fan de plysje ha de organisatoaren it guod opromme. De apparatuer is net yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)