Skûtsje-projekt op ynternet

26 okt 2002 - 00:00

Yn Grou is freed it projekt 'Foar de neiteam' presintearre. It projekt wol allerhanne ynformaasje oer de skiednis fan it skûtsjesilen fan 'e 19de ieu oant no sammelje en tagonklik meitsje op ynternet. It projekt is in inisjatyf fan skûtsjekenner Klaas Jansma.

IFKS en SKS wurkje beide mei. Underdiel fan it projekt is in skûtsjestamboek mei de gegevens fan alle skûtsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)