Sulver shorttrackers op WK

11 mrt 2012 - 10:11

De Fryske shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma ha mei de Nederlânkse ôflossingsploech sulver helle op de WK yn Shanghai. De fjouwer hoegden allinne titelhâlder Kanada foargean te litten. Súd-Koreä pakte it brûns.

Knegt stelde yn de lêste ronde fan de wedstryd oer 5.000 meter it sulver feilich. De Nederlânske ploech lei hast de hiele wedstryd op it tredde plak, mar yn de lêste bocht wist Knegt foarby de Koreanen te kommen. It ferskil wie úteinlik 0,003.

Yndividueel einige Sjinkie Knegt op de sechsde plak. De titel gong nei de Súd-Koreaan Yoon-Gy Kwak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)