Ynvestearring nedich foar haven

© Omrop Fryslân
De haven fan Lauwerseach hat in miljoeneynvestearring nedich, oars sjocht de takomst der swier út. Dat is de konlúzje fan in ûndersyk nei de takomst fan de haven.
De ûndersikers sjogge foar de takomst wol heil yn mear mooglikheden foar rekreaasjeboaten of it oanlizzen fan in baggerdepot. Der wurkje sa'n twahûndert Dongeradielsters yn de haven.