Seldsum krûd op Flyhors fûn

25 okt 2002 - 00:00

Op it sjitterrein de Flyhors op Flylân hawwe biologen in seldsum plantsje ûntdutsen. It giet om it glêd biggekrûd dat yn Nederlân mei útstjêrren bedrige wurdt en hast net mear foarkomt.

Op de kobbekoloansjes binne tûzenen eksimplaren fan it krûd fûn. Op de Flyhors komme mear seldsume planten foar. Sa is der op in skulpebank in grutte populaasje dwerchstirns fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)