ADO-supporters net nei Fryslân

25 okt 2002 - 00:00

Mei in spesjale needferoardening wolle de gemeente Ljouwert en de plysje tefoaren komme dat ADO Den Haachsupporters freed nei Ljouwert komme. Cambuur spilet freed thús tsjin ADO.

De supporters meie net by de wedstryd wêze om't de tuchtkommisje fan de KNVB dat ferbean hat fanwege wangedrach by in eardere wedstryd. ADO-supporters hawwe harren komst per brief oankundige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)