Sportsintrum Sint Anne rêden

25 okt 2002 - 00:00

Sportsintrum De Bildtse Slag yn Sint Anne liket foarearst rêden foar de takomst. It sportsintrum waard yn 2000 privatisearre mar draait al twa jier mei ferlies.

De gemeenteried fan It Bilt gie tongersdei akkoart mei in subsydzje fan jierliks 45.000 euro foar De Bildtse Slag. Betinkst is dat de boekhâlding fan it sintrum kontrolearre wurdt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)