CD Twarres tongersdei al te keap

© Omrop Fryslân
De nije CD fan it duo Twarres wie tongersdeitejûn al te keap yn twa muzykwinkels yn Drachten en op It Hearrenfean. Offisjeel komt de CD, mei de namme 'CD2', freed pas yn de winkels.
Spesjaal foar de Fryske fans makken Johan en Mirjam in útsûndering. Tsientallen fans stienen tongersdei te springen om de nije CD te keapjen. Twarres joech ek noch in mini-konsert.