Untuchtpleger docht it fuort wer
In feroardiele ûntuchtpleger (35) út Ljouwert hat yn 2001 in pear moanne nei syn frijlitting wer ûntucht plege mei fjouwer minderjierrige jonges. Twa fan dy jonges wiene earder ek al slachtoffer fan 'e man.
De man wurdt no ûndersocht troch it Pieter Baan-sintrum. Omdat de earste straf net holpen hat, binne neffens justysje no oare maatregels nedich.