Miljeudelikt mei wâlbeskoeiing

24 okt 2002 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De gemeente Nijefurd moat 1 novimber foarkomme op fertinking fan in miljeu- delikt. De gemeente soe yn april ferline jier yllegaal in ympregnearre wâlbeskoeiing pleatst hawwe. Yn it hout sitte skealike stoffen dy't sa yn it wetter komme kinne.

Neffens it Iepenbier Ministearje hie Nijefurd tastimming freegje moatten oan it wetterskip.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)