Miljoen foar lytse talen fan EU
Europa moat in apart budzjet hâlde foar stipe oan minderheidstalen as it Frysk en it Nedersaksysk. It Europeesk Parlemint hat tongersdei foar it foarstel fan Marieke Sanders (VVD) stimd om 1 miljoen euro op 'e begrutting fan 2003 te setten.
De Europeeske Kommisje woe it budzjet foar lytse talen earder skrasse omdat der gjin wetlike basis foar wêze soe.