Broei by Johnson Polymer

24 okt 2002 - 00:00

By keunststoffabryk Johnson Polymer op it Hearrenfean is broei ûntstien yn in fet mei aktive koalstof. De brânwacht hat dwaande west it fet te kuoljen mei stikstof.

De aktive koalstof wurdt brûkt om skealike gassen mei ôf te fangen. It komt net faak foar dat der broei ûntstiet yn it koalstoffet. Neffens de brânwacht is de situaasje net gefaarlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)