Hearrenfean wint fan Excelsior

11 mrt 2012 - 00:10

Sportklup Hearrenfean hat yn in doelpuntryk duel mei 4-2 wûn fan hikkesluter Excelsior. Nei 4 minuten kamen de Kralingers op foarsprong troch Mitchell te Vrede. Mar foar it skoft skoarde Hearrenfean fia de beide sintrale ferdigeners Gouweleeuw en Zomer en fia topscorer Bas Dost.

Nei it skoft socht Hearrenfean de oanfal mar skoarde Excelsior opnij fia Alberg. Doe't Bas Dost syn twadde fan 'e jûn makke, kaam de oerwinning net mear yn gefaar.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)