Rekreaasjesektor Nijefurd lilk

© Omrop Fryslân
De rekreaasje-ûndernimmers yn Nijefurd binne skrokken fan de plannen fan de gemeente om de toeristebelesting mei 70 prosint te ferheegjen. Dat soe trepsgewiis barre moatte yn 3 jier.
Neffens de ûndernimmers leine der dúdlike ôfspraken mei de gemeente. De gemeente wol mei it jild brêgen en pleinen opknappe en dat moat fansels út de algemiene middels.