Wetterskipslesten omheech
De Fryske boarger sil nei de fúzje fan 'e seis wetterskippen hegere wetterskipslesten betelje. Mar boeren wurde better fan 'e fúzje. Foar harren giet it taryf nei ûnderen.
It lyklûken fan de tariven pakt goed út foar ynwenners fan 'e wetterskippen Boarn en Klif en Marne-Middelsee, foar harren geane de wetterskipslesten 45 euro nei ûnderen.