Leechfleanrûte giet ticht
De leechfleanrûte fan Ljouwert rjochting Swolle is fan woansdei ôf sletten. Dat hat steatssekretaris Van der Knaap fan it ministearje fan Definsje woansdei op de fleanbasis yn Ljouwert bekend makke.
Neffens Van der Knaap is der hieltyd minder ferlet fan leechfleanrûtes. Boppedat binne der yn it bûtenlân genôch alternativen.