Grutskalige oplichterij oplost

23 okt 2002 - 00:00

De plysje hat in man fan 27 jier út Kollumersweach oanholden foar grutskalige oplichterij. Hy hie by ferskate bedriuwen allegear ark besteld, mar net betelle. Hy krige ûnder oaren lasapparaten, stoomcleaners en mobile telefoans mei.

It guod - mei in wearde fan 40 tûzen euro - is noch net weromfûn. De fertochte sit noch fêst.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)