Kokkelfiskje yn sletten gebiet

23 okt 2002 - 00:00

Kokkelfiskers krije foar ien kear tastimming om yn in sletten gebiet yn de Waadsee te fiskjen. Dat docht bliken út in brief fan steatssekretaris Odink fan Natuerbehear oan de Twadde Keamer.

De kokkelfiskers meie fan de steatssekretaris fiskje by de Waadplaten by Skiermûntseach. Sûnt 1998 is dêr net op kokkels fiske. De kokkels binne yn dit gebiet grutter en riper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)