Jild foar Keunsthûs Syb
Keunsthûs Syb yn Beetstersweach krijt 34.000 euro fan de Mondriaan stifting. It keunsthûs is dêrmei ien fan de 16 ynstellingen yn Nederlân dy't stipe krijt fan dizze stifting.
Oant no ta joech it keunsthûs keunstners allinnich ûnderdak en rûmte om te wurkjen. Mei it jild kinne der no ek projekten fan dy keunstners realisearre wurde.