Renovaasje Túndoarp Snits begûn

© Omrop Fryslân
Der is tiisdeitemiddei út ein set mei it opknappen fan de wenwyk Túndoarp yn Snits. Yn de diels fertutearze wyk hat it de lêste jierren geregeld ûnrêstich west. Snits wol de wyk opkreazje mei 250 nije hier- en keapwenten.
Om plak te meitsjen moatte 378 wenten tsjin de grûn. De gemeente hopet mei de renovaasje ek in ein te meitsjen oan de drugsoerlêst yn de wyk.