Soad yllegalen yn 'e reidhannel

22 okt 2002 - 00:00

Der is yn Fryslân hieltyd minder belangstelling foar it âlde ambacht fan reiddekker. Jonge wurknimmers ha gjin nocht mear oan it swiere hânwurk.

Hongaarske reiddekkers meitsje handich gebrûk fan de grutte fraach nei reiten daken. Sy wurkje faak yllegaal en dus goedkeaper. Ferline wike waarden by in Fryske reidhannel 8 Hongaren fan it dak ôfhelle om't se gjin fergunning hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)