Wer seehûnen útset yn Waadsee

© Omrop Fryslân
De seehûnekresj yn Pieterburen hat tiisdeitemoarn wer seehûnen útset. Mei inoar sille de kommende wiken 30 bisten útset wurde. Sûnt 15 july is dat net mear bard fanwege it seehûnefirus.
It tal meldings fan deade seehûnen nimt op it stuit bot ôf. Yn Pieterburen gean se der fan út dat it firus hast útwurke is. Alle bisten dy't frijlitten wurde, hawwe in prik hân tsjin de sykte.