Lúks bad foar Borniaherne
Ferpleechhûs Borniaherne yn Ljouwert hat in primeur. De bewenners fan it tehûs kinne as earste yn Nederlân gebrûk meitsje fan in superdelúks bad.
Yn it saneamde Ergobad kinne de âlderein folslein ûntspanne, wat harren behanneling ten goede komt. It bad komt út Finlân. Dêr, mar ek yn Amearika, wurdt al mei sukses mei it apparaat wurke.